subnav3Differinsjaasje

As gefolch fan alderhande ûntwikkelingen yn de hjoeddeiske maatskippij stiet it yndividu hoe langer hoe mear sintraal. Dit gegeven hat foar it ûnderwiis grutte gefolgen. Yn it earste plak stelt dit hege easken oan de professjonaliteit fan dosinten. Dêrneist sil der ek optimale oandacht wêze moatte foar in mear yndividueel lear- en foarmingstrajekt.

Dêrneist sil der rekken hâlden wurde moatte mei de ferskillen tusken learlingen. Dy ferskillen manifestearje har benammen yn it Primêr Underwiis. Dêr binne de ferskillen tusken learlingen nammentlik it grutst.

By it ûntwikkeljen fan de tema’s kiest MEARSLACH dêrom foar fiergeande differinsjaasje. In ‘mearslach’ yn dit ferbân slacht sawol op de learynhâld as op de wize fan wurkjen.
foto differinsjaasje

Foar mear: sjoch Meartaligens >