Fernijing kurrikulum
Oant no ta binne it de grutte lanlike útjouwerijen dy’t yn harren metoaden ynfolling jouwe oan de troch de Stichting Leerplan Ontwikkeling globaal formulearre kearn- en eindoelen. Dy datearje fan 2006. Sûnt koart sit der feroaring yn ‘e loft. Op dit punt sprekt it 'Bestuursakkoord Primair Onderwijs 2014-2020' heldere taal: ‘We moeten komen tot vraagsturing in een markt die tot dusver aanbod gestuurd is door de aanbieders van leermiddelen’.Mei op basis fan dat advys ferleit Stichting Mearslach de fokus. De ûntwikkelingskânsen fan elk bern as yndividu komme op it earste plak. Bern moatte har net oanpasse oan it ûnderwiis. It ûnderwiis moat him oanpasse oan de bern.
Dat hâldt yn dat de learstof net sintraal stiet mar helpmiddel is.
Dêrom moat de lesynhâld sa wêze dat elke learling kânsen kriget om op eigen nivo selsstannich oan ‘e slach te gean. De tema’s binne sa konstruearre dat de learlingen optimaal romte krije foar selsstannich wurkjen en ûndersyk, allinne of yn groepkes. ICT is ynbêde yn it kurrikulum.
Foar mear: sjoch Differinsjaasje >