subnav3Oer Mearslach

Yndividu en mienskip
De hjoeddeiske maatskippij freget fan it ûnderwiis hieltyd mear oandacht foar de
ûnwikkelingskânsen fan it yndividuele bern.
Te begripen, want It bern bestiet net!
Bern binne jonge minsken yn ûntwikkeling,
mei ferskillende kwaliteiten oangeande bygelyks:

subnav2ynteresse
subnav3yntellektuele kapasiteiten
subnav4kreative oanlis
subnav5wurkynstelling
subnav1konsintraasje
subnav6sosjale eftergrûn

Kennis >> ynformaasje
In ûnderwerp dêr’t yn ûnderwiisrûnten de lêste tiid frij wat diskusje oer is,is de fraach wat der leard wurde moat. Bekend is de útspraak: ‘kennis is net mear fan belang, want alle ynformaasje is wol op it ynternet te finen’. Yn dit ferbân makket Mearslach in dúdlik ûnderskied tusken kennis en ynformaasje.

Kennis is ynterpretearre en strukturearre ynformaasje. Dy kennis sit yn de holle. Dêrom achtet Mearslach it fan grut belang dat learlingen harren yn elk tema earst de basisbegrippen eigen meitsje. In soad ynformaasje is op it ynternet te finen. Dêrom wurdt by it wurkjen optimaal gebrûk makke fan alle mooglikheden fan de digitale media. In oar punt fan oandacht is de rop om digitalisearring fan it totale ûnderwiisoanbod. De erfaring- oant no ta – leart dat leararen en learlingen opdrachten graach op papier oanbean krije. Dit gegeven is te fergelyken mei de mooglikheid dat kranten tsjintwurdich ek digitaal lêzen wurde kinne. Dochs wolle de measte lêzers leaver in ‘papieren ’ krante..

Al dizze aspekten freegje om spesjale aksinten yn it lesoanbod en de manier fan (fer)wurkjen. De opbou fan de tema’s dy’t MEARSLACH tapast biedt hjirta optimale mooglikheden!
foto oer1

Teory èn praktyk

Wurkmodel
Yn de tema’s wurdt gebrûk makke fan ûndersteand format. De fleksibiliteit fan dit pedagogysk-didaktysk konsept biedt nammentlik optimale kânsen om bern op eigen nivo wurkje te litten oan kennis en kunde, mar ek oan wichtige feardichheden as selektearje, kritysk tinken, kreativiteit en sosjale kompetinsjes.


schema new frl
(Klik om grutter te meitsjen)

Taljochting op it model

Ynlieding

Yn de yntroduksje wurdt yngien op wat bern al witte oer it tema. Dan wurdt yn it koart útlein wêr’t it yn it tema oer giet. Ek wurdt ferteld hoe’t der wurke wurde sil: nei it mienskiplik basisprogramma biedt it keuzeprogramma kânsen om selsstannich te wurkjen en in eigen ynfolling te jaan oan de opdrachten.

Basisprogramma
Dit ûnderdiel is foar alle learlingen itselde. Sa ûntstiet der in mienskiplike basis foar it wurkjen oan it keuzeprogramma. Oan te rieden is om de ferwurking fan it basisprogramma klassikaal te dwaan. It basisprogramma wurdt ôfsletten mei in spesjale opdracht.

Keuzeprogramma
Utlein moat wurde dat de learlingen oan ‘e slach kinne mei in fariearre searje opdrachten:
- ferdjipjend, ferbreedzjend, gewoan, dreech, kreatyf;
- opdrachten yn en bûten skoalle;
- der binne opdrachten yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.
N.B. Dit ûnderdiel freget spesjale oandacht!

Earst wurde alle opdrachten koart besprutsen. Op dy manier krije de learlingen al in yndruk fan it ‘karakter’ fan de ferskillende opdrachten. Ek kinne der no al ôfspraken makke wurde oer it oantal opdrachten dat makke wurde moat. Fansels moat hjir rekken hâlden wurde mei de tiid dy’t beskikber is om oan de opdrachten te wurkjen. Uteraard kin elke learkrêft ien of mear opdrachten ferplicht stelle. Foar de hiele groep of foar in bepaalde learling.

Faaks is dit it goede momint om op de bledside mei it oersicht fan de keuzeopdrachten de nûmers fan de opdrachten dy’t de learlingen meitsje wolle/moatte op te skriuwen. Ek kinne der al – frijwillige/ferplichte – groepkes foarme wurde dy’t oan ‘e slach wolle mei de opdrachten.

foto oer2

Wurkjen oan de opdrachten
De opdrachten binne ferskillend. Sawol nei ynhâld, nivo en wize fan (fer)wurkjen.

Learlingen kinne yndividueel oan in opdracht wurkje. Wurkjen yn twa-,trije- of meartallen stimulearret faak de animo.

De ûnderfining leart dat troch de opset fan it brede skala oan opdrachten learlingen ek thús graach oan ‘e slach gean.

Ofsluting
It tema wurdt klassikaal ôfsletten om sa in mienskiplike ôfsluting fan it tema syn beslach krije te litten.

Foar mear: sjoch útgongspunten >
foto oer3
mear witte