subnav3Meartaligens

Yn ferbân mei de meartalige situaasje yn Fryslân giet it benammen om it yntegrearre brûken fan it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Ek streektalen – sa as it Bildtsk en Stellingwerfs - kinne brûkt wurde. De opdrachten yn de tema’s komme net yn it plak fan taallessen Nederlânsk, Frysk of Ingels, mar binne der in tapassing fan. Boppedat fynt der in útwreiding plak troch de ûnderwerpspesifike taaleleminten. De neamde talen wurde sawol mûnling as skriftlik oanbean en brûkt.

In ‘Ruimte voor nieuwe talenten’ ( 2017) freget de PO-Raad spesjale oandacht foar bern mei net-autochtone achtergrûn. https://issuu.com/poraad/docs/ruimte_voor_nieuwe_talenten
De tema’s fan Stichting Mearslach biede ek dizze learlingen gelegenheid om harren eigen memmetaal te brûken.

Boppedat komt út hieltyd mear ûndersyk nei foaren dat foar de ûntjouwing fan bern meartaligens in pree is.
foto Meartaligens

Foar mear: sjoch Yntegraasje oanbod musea, kultuer- en natuerorganisaasjes >